Pieter Breuker 105610 - Ljip en aai yn hert en holle aaisykjen

Schrijver:
Titel: Ljip en aai yn hert en holle aaisykjen as folkssport, fêstlein yn wurden en bylden
ISBN: 9789492052070
Uitgever: Wijdemeer Louw Dijkstra
Bijzonderheden: Goed, Hardback, 144p
Prijs: € 15,00
Verzendkosten: € 4,50 (binnen Nederland)
Meer info:
Yn it boek Ljip en aai yn hert en holle fan Pieter Breuker steane de ljip, syn aai en dêrmei ek it aaisykjen sintraal. De skriuwer hat foar syn ûnderwerp trije ynfalshoeken keazen: it gefoel (hert), de ferwurking dêrfan yn wurden en bylden (holle) en it aaisykjen sels. Mei-inoar binne goed 100 skilderijen, tekeningen, oare yllustraasjes en (fragminten fan) gedichten en ferhalen oer de ljip en it aaisykjen opnommen.\n\nMar al hoe grut oft it plak fan de faak heechwurdige keunstuteringen ek is, it boek jout folle mear. It giet om ljip en aai yn it libben fan de 'gewoane' aaisiker. Dy is yn it fjild te finen, dy ferstiet en brûkt it aaisikersjargon, dy is de finer fan it earste aai. Der binne yn dat ferbân haadstikken oer: de ljip yn de Fryske folkskunde; de ljip en syn nammen; de aaisikerstaal; it earste ljipaai: jild, eare en rom; it aaisykjen as sport; grappen en bedroch mei it earste aai.\n\nPieter Breuker (*1945) is sporthistoarikus en wie oant syn pensjoen yn 2010 wittenskiplik meiwurker foar it Frysk oan it Frysk Ynstitút fan de Ryksuniversiteit Grins. Hy publisearre ûnder oaren Kostelijke koopwaar. De handel in Friese kievitseieren 1850-1900 (2012).
Verder lezen

De Slegte uit Almere

zakelijk

Logo De Slegte

De verkoper zal binnen 3 werkdagen contact met u opnemen om de koop verder af te handelen.

Afbeeldingen (Klik om te vergroten)

Pieter Breuker 105610 - Ljip en aai yn hert en holle aaisykjen as folkssport, fêstlein yn wurden en bylden