Stel een vraag

Met het formulier hier onder kunt u contact op nemen met boekwinkel Boekstra.


 

Ploeg, Durk van der - De Jacht

De vraag gaat over de volgende titel:

Afbeelding: Ploeg, Durk van der - De Jacht
Schrijver: Ploeg, Durk van der
Titel: De Jacht
ISBN: 9789089541888
Uitgever: TDE
Bijzonderheid: 2010 263pp Paperback / softback
Prijs: € 19,95
Gratis
Meer info

Flaptekst

Dizze roman spilet foar it grutste part yn Ealsum, in doarp efter Dokkum. Former Bloemkamp komt werom nei syn bertedoarp as breafisker, jager en mollefanger. By de Ealsumers leit er der al gau út, om't er eigensinnige wegen giet. Syn tsjinspiler is Lútsen Idsardi, in idealist, mar tagelyk in labyl figuer, dy't maatskiplik rûnom mislearret. In slepend konflikt tusken Former en Lútsen einiget op befrijingsdei 1945 yn in drama.De roman De Jacht ferskynde foar it earst yn 1988 en wie doe al de sande roman fan Van der Ploeg. Mei it boek berikte er in breed lêzerspublyk. It is de earste fan de fjouwer romans dy't yn de oarloch yn de Dongeradielen spylje. De oare trije ferskynden as De oarloch fan Durk van der Ploeg yn 2011 yn ien bân by de Friese Pers Boekerij. Dizze tredde printing fan De Jacht is in werútjefte fan de earste.Yn it beskriuwen fan it lânskip en it skreppen, wrotten en bealgjen fan de lytse man is Van der Ploeg in master, ek wat syn taalgebrûk oanbelanget. Dick Eisma yn de Leeuwarder CourantYn dizze roman is in sterke ûnderstream fan universele dramatyk oanwêzich. De Jacht soe as útgongspunt tsjinje kinne foar in Fryske spylfilm.Eppie Dam yn Frysk en FrijIt ferhaal fan Former, Hinke en Lútsen draacht it hiele boek op natuerlike wize en hâldt de gong deryn oant op de lêste side.Sybren Sybrandy yn Trotwaer Durk van der Ploeg waard yn 1930 berne yn Hoogkarspel (NH). As jonkje fan trije jier kaam er mei syn âlden nei Ealsum. Hy folge in oplieding ta typograaf en waard letter opmaakredakteur by de Leeuwarder Courant. Durk van der Ploeg is ien fan de produktyfste Fryske skriuwers, meast proaza, mar ek poëzij. Yn 2011 krige er de Gysbert Japicxpriis foar al syn literêr proaza.

Boek bekijken

Boekstra uit Nijverdal

zakelijk

Logo Boekstra

Bij Boekstra koopt u nieuwe boeken tegen de vastgestelde boekenprijs.
Verzendkosten 1,75 euro per zending binnen Nederland, vanaf 19,95 euro GEEN verzendkosten binnen Nederland.
Verzendkosten Belgiƫ 2,95 euro per zending.
Minimale bestelafname van 10,- euro, exclusief verzending.
Speciale verzoeken? Meestal geen punt, vermeld ze in het veld opmerking.
De actuele levertijd kunt u vinden op onze website.

De verkoper zal binnen 1 werkdag contact met u opnemen om de koop verder af te handelen.