Stel een vraag

Met het formulier hier onder kunt u contact op nemen met boekwinkel De Slegte.


 

Pieter Breuker 105610 - Lytse bal, grut spul Artikels oer keatshistoarje en keatskultuer

De vraag gaat over de volgende titel:

Afbeelding: Pieter Breuker 105610 - Lytse bal, grut spul Artikels oer keatshistoarje en keatskultuer
Schrijver: Pieter Breuker 105610
Titel: Lytse bal, grut spul Artikels oer keatshistoarje en keatskultuer
ISBN: 9789492052490
Uitgever: Wijdemeer Louw Dijkstra
Bijzonderheid: Goed, Hardback, 304p
Prijs: € 21,50
€ 4,50
Meer info Lytse bal, grut spul fan Pieter Breuker is in boek oer acht ieuwen keatshistoarje en keatskultuer. It is taspitst op Fryslân, mar omdat rûnom op de wrâld noch oare keatsfarianten spile wurde, sjocht de auteur ek geregeld oer de grinzen, te begjinnen yn Nederlân.\nDe fjouwer haadtema's binne (keatsen en): Histoarje; Kultuer algemien; Taal; Literatuer. De auteur leit hieltiten wer ferbiningen tusken keatsen en kultuer en snijt dêrtroch ûnderwerpen oan dy't yn de algemiene oersjoggen koart of hielendal net oan de oarder komme.\nIt boek begjint mei in ferbinende, algemien-(kultuer)histoaryske ynlieding op it ûnderwerp. Dan folgje 32 earder ferskynde artikels, yn Fryslân en om utens. Dy binne foar dizze útjefte allegearre opnij bewurke.\nFan de 32 bydragen binne 21 yn it Frysk en 11 yn it Nederlânsk skreaun. In wiidweidige ynhâldsopjefte en registers op persoanen en op plaknammen ferheegje de tagonklikens fan it boek.\n\nDr. Pieter Breuker (Skingen, *1945), âld-dosint en -ûndersiker Frysk oan de Rijksuniversiteit Groningen, âld-foarsitter fan it Keatsmuseum en fan Stichting de Sportwereld, en earder ek sporthistoarikus oan de Katholieke Universiteit Leuven, is in bekend keats- en sporthistoarikus, yn en bûten Fryslân. Hy is yn 2017 troch it Prins Bernhard Cultuurfonds ûnderskieden mei de lanlike Zilveren Anjer foar syn bydragen oan de Nederlânske kultuerhistoarje, 'in het bijzonder de kaats- en sportgeschiedenis in relatie met kunst en cultuur'.
Boek bekijken

De Slegte uit Almere

zakelijk

Logo De Slegte

De verkoper zal binnen 3 werkdagen contact met u opnemen om de koop verder af te handelen.